Harnzer polityk wol oplossing

09 aug 2012 - 09:53
  • De gemeenteried fan Harns

In grutte mearderheid fan de politike partijen yn Harns wol wurkje oan in oplossing foar de ûntstiene bestjoerskrisis yn de stêd. PvdA, CDA en VVD sille in koersdokumint meitsje mei plannen foar de kommende twa jier en dêr ek ideeën fan de oare partijen yn ferwurkje. Yn in ekstra riedsgearkomste woansdei waard dêr oerienstemming oer berikt.

Dy gearkomste wie nedich om't twa wiken lyn de koalysje fan Frisse Wind Harns, Harnzer Belang, GrienLinks, de SP, D66 en de list Soolsma útinoar fallen wie.

Frisse Wind hie gjin fertrouwen mear yn it sittende kolleezje, de oaren noch al. By de gearkomste woansdei wiene Frisse Wind en de List Soolsma net oanwêzich. Sy tinke dat de gearkomste net liede sil ta in oplossing fan de problemen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)