Galama wint Burgum mei pr

09 aug 2012 - 07:21

Topklasser Oane Galama fan It Heidenskip hat woansdeitejûn de fierljepwedstryd yn Burgum wûn mei in nij persoanlik rekôr fan 20.04 meter. Twadde waard Hannes Scherjon mei 19.12. It tredde plak wie foar Thomas Helmholt. Hy ljepte 18.87.

De grutte favoriten Bart Helmholt, Ysbrand Galama en Thewis Hobma spilen in byrol en koene gjin potten brekke. By de junioaren wie der net in ferrassende, mar wol in opfallende winner. Hans Ulco de Boer skreau de wedstryd op syn namme mei in nij persoanlik rekôr fan 19.23.

By de froulju wûn Klaske Nauta mei 15.25 en Bobby Zwaagman wie mei 17.66 de bêste by de jonges. Sneon is it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)