Cambuur lûkt ekstra keeper oan

08 aug 2012 - 17:39
  • Cambuur stadion

SC Cambuur hat syn keepersprobleem oplost troch de 26-jierrige Rodney Ubbergen fêst te lizzen. Troch de blessuere fan Nienhuis wie de Ljouwerter klup op syk nei in twadde keeper.

Ubbergen sil op amateurbasis foar SC Cambuur útkomme. Earder stie hy ûnder de latte by RBC Roosendaal en SC Telstar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)