Aris lûkt Amerikaan oan

08 aug 2012 - 17:29

Basketbalklup Aris út Ljouwert hat in kontrakt ôfsletten mei de Amerikaanske spiler David Michaels. Michaels spile it ôfrûne seizoen foar it lytse Whitman College yn de buert fan Washington. Hy skoarde yn trochsneed wol 20 punten de wedstriid, wylst syn skoaringspersintaazje fan trijepunters op wol 45% lei.

Michaels is de twadde Amerikaanske spiler foar it kommende seizoen. Earder luts Aris ek al Samme Givens oan. De klup siket no noch twa basketballers. Dan is de seleksje folslein. Aris siket ek noch in haadsponsor.

Manager Gert Schurer hopet binnen fjouwer wike dêr mear nijs oer jaan te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)