10.000 besikers foar Aldehou

08 aug 2012 - 16:49

Folle earder as ferwachte hat de Aldehou yn Ljouwert de tsientûzenste besiker begroetsje kinnen. Marion Petit en har man Drewin Nieuwenhuis út Den Haach kamen fanút Earnewâld om de skeve toer te besjen. Dit oantal waard ferline jier pas yn septimber helle.

De toer blykt yn de simmer in goeie attraksje te wêzen by min waar. Foaral it nije útsjochtpunt op de top fan de toer is populêr.

Trefwurden: 
besikers Aldehou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)