4000 hantekens foar Rêd Frysk

08 aug 2012 - 14:41
  • Rêd Frysk: no al mear as 4.000 hantekens

Mear as 4000 minsken hawwe har hanteken set ûnder in petysje foar it behâld fan de stúdzje Frysk oan de universiteit yn Grins. Dêrby sitte ek ferskate bekende Friezen lykas fuotbaltrener Foppe de Haan, de keamerliden Lutz Jacobi en Sander de Rouwe en sjongeres Nynke Laverman. Ek in ferskaat oan steateleden hat tekene.

De stúdzje Fryske Taal en Kultuer stiet swier ûnder druk, troch in reorganisaasje by de Ryksuniversiteit. It Frysk as haadfak ferdwynt en giet op yn in oplieding Europese Talen en Culturen.

De Ried fan de Fryske beweging fyn dat der dan gjin goeie oplieding foar it Frysk oerbliuwt, wylst it Frysk de twadde Rykstaal is. It oantal studinten is de lêste tiid ôfnommen, ûnder oare omdat it kolleezjejild bot omheech gongen is. De petysje is te finen op redfrysk.nl. De petysje is in inisjatyf fan ûnder oare studinteferiening Skanumodu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)