Ljouwerter oppakt yn Grins

Oanhâlden © Omrop Fryslân
In Ljouwerter (37) is tiisdeitenacht oanhâlden yn Grins foar fernielings en dwers gedrach. De man smiet op 'e Nieuwstad in fyts tsjin it rút fan in kafee. Rút en fyts rekken net skansearre. De plysje stjoerde him fuort, mar seach justjes letter dat de man besocht om in steiger te sloten.
De plysjes hiene doe har nocht en namen de man mei nei it plysjeburo. De man wie aardich oer syn teewetter. Hy krige twa bekeurings fan de plysje.