Gouden tompoezen by de bakker

08 aug 2012 - 12:30

Ek de kommersje spilet woansdei folop yn op it sukses fan Epke Zonderland op de Olympyske Spelen. Sa leit bakker Lenes fan It Hearrenfean him woansdei ta op spesjale Epke Zonderland tompoezen. It giet fansels om tompoezen mei in gouden rantsje.

Banketbakker Nanne Piter Lenes soe der earst mar in pear meitsje foar de aardichheid mar sit no al oer de hûndert. Hy docht de hiele dei neat oars as dizze tompoezen meitsje. Hy hâldt eins net sa fan gelegenheidsbanket, seit er, mar woe foar Epke graach in útsûndering meitsje.

Ek op De Lemmer hat de prestaasje fan Epke Zonderland in soad yndruk makke. De Pegasus, de strjitte dêr't Epke syn heit en mem wenje, is al fersierd mei in rekstok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)