'Fuotbal ek free to air'

Robert Veenstra, direkteur sc Hearrenfean © Omrop Fryslân
Der komt neist in nij betelle fuotbalkanaal ek in publyk kanaal, mei saneamd 'free to air' fuotbal. Dat seit foarsitter Robert Veenstra fan SC Hearrenfean yn in reaksje op it nijs dat it bedriuw Fox in belang fan 51 prosint kocht hat yn Eredivisie Media en Marketing. Dat stjoert no wedstriden fan it fuotbal út op Eredivisie live.
De 18 fuotbalklups binne unanym akkoart gien mei de oername troch it bedriuw fan mediamagnaat Rupert Murdoch. Details wurde net neamd, mar neffens de Telegraaf giet it om in bedrach fan 1 miljard euro.
It soe yn earste ynstânsje gean om in kontrakt foar tolve jier.