Gersmeanders en beammen fuort

08 aug 2012 - 10:25
  • By dit hûs waarden de gersmeanders en beammen stellen

In folsleine tún is leechstellen yn Gersleat. Gerko van Klinken, de bewenner fan it hûs, siet midden yn in ferhuzing. Hy seach tiisdeitemiddei oft der noch wat post op syn âlde adres oankaam wie. Doe't er út de tún noch wat ierdbeien helje woe, seach hy dat de tún ynienen gjin planten mear hie.

Likernôch tweintich meter oan buxusstruken is fuorthelle, fyftjin fêste planten, en sa'n tsien fruitbeammen. Ek it túnart, wêrûnder twa gersmeanders, wiene fuorthelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)