Blog: Epke Zonderland: in gouden útsetter!

08 aug 2012 - 09:39

Dé klimaks fan ús Olympyske Spelen moast op de allerlêste dei komme: de rekstôkfinale fan Epke Zonderland. Noch ien kear oplade en noch ien kear striid leverje om binnen te kommen. Nei in koart nachtsje (we leine pas om 02.30 oere op bêd nei in lange treinreis út Weymouth) tôgen we foar de lêste kear troch Londen mei al ús guod. Underweis filosofearden we hurdop hoe moai it wêze soe as Epke Zonderland in gouden medalje pakke soe. We hawwe troch de jierren hinne in protte by him west en as je ien man it súkses gunne is hy it wol.

We kamen oan by de O2-Arena. Leafst seis ferskillende befeiligers moasten we omprate om binnen te kommen. Doe't we der úteinlik tochten te wêzen (we stapten de drompel fan it gebou krekt oer) kamen der nochris twa militêren achter ús oan. Ek oan harren makken we dúdlik dat wy net yn de turnhal hoegden te stean, mar allinnich yn de publike romten. Gelokkich taaiden se ôf en in djippe sucht folge: as der in gouden medalje foar it omsilen fan befeiligers wêze soe, soene wy him op seker winne!

By de measte sporteveneminten op de Spelen rinne der foar de wedstriid noch wol minsken om dy't in echte kaart oer hawwe foar de wedstriid. Tsientallen minsken ha ik oansketten en sels Pieter van den Hoogenband dy't ik tsjin it liif rûn frege ik oft hy tafallich in kaart oerhie. Mar nee, net ien koe my en Dirk helpe om ek de lêste stap te setten: it bywenjen fan dé finale. We sochten plak foar in grut skerm en de spanning rûn stadichoan op. It gefoel dat der wat moais komme soe, kribele yn de búk.

En wat waard it in finale! De iene nei de oare hege skoare waard delsetten. Troch de Sinezen en ek troch de Dútser Hambüchen. En doe wie it de beurt oan Epke. Alles moast út de kast foar in medalje, en seker foar it goud. En de Lemster die it! Hy turne de oefening fan syn libben. De trijefâldige flechtkombinaasje slagge en it publyk stie op de banken. De Flying-Dutchman einige mei de perfekte ôfsprong. Wat in ûntlading! Der moasten noch twa turners komme, mar eltsenien wist it al: Epke Zonderland is de allerbêste!

Man, man, man wat in ûntknoping. Nei 16 jier (de follyballers fan 1996) hat Fryslân wer in gouden medaljewinner op de Olympyske Spelen en wat foar ien! Nei de wedstriid wachten we him op, mar al fluch die bliken dat we him net earder as yn it Holland Heineken House foar de kamera krije koene. De famylje kaam fansels wol nei bûten. Heit, mem, Geeske, Johan en Herre: wat wiene se bliid en grutsk op harren soan en broer. Neidat we sa allegear ynterviewd hiene setten we ôf nei it Holland Heineken House, of eins it Fryslân Heineken House. Want net allinnich Epke Zonderland, ek Marit Bouwmeester waard dêr huldige. Wat in feest!

De hal stie ôfladen fol mei minsken. It waard in huldiging om nea wer te ferjitten en wierskynlik de bêste huldiging fan dizze Spelen, wat der fierder ek noch bart. Earst kaam 'sulveren' Marit Bouwmeester op it poadium. Foar har trouwens ek noch baanhurdfytser Teun Mulder dy't brûns helle hie. Mar de klapper wie Epke Zonderland. Syn gouden plak is dé medalje fan dizze Spelen. Skriuw mar fêst op: Epke Zonderland wurdt sportman fan it jier 2012. En it moat al raar gean, mar gewoanwei tilt Epke Zonderland snein de Nederlânske flage by de ôfsluting fan de Spelen.

Nei de huldiging krigen we de kâns om mei Epke Zonderland en Marit Bouwmeester te praten. Mar we wiene net allinnich. Hordes kamera's en oare sjoernalisten ferdrongen harren om de medaljewinners en dan benammen Epke Zonderland. Ien foar ien gie hy se by del en hy kaam fansels ek by ús. Hy fertelde dat hy noch net besefte wat foar histoaryske prestaasje hy delsetten hie. Dat hy opluchte wie nei syn oefening om't it allegear slagge. Dat dêrnei de bliidskip kaam en de ûntlading. En dat hy syn plafond noch net berikt hat! De útfiering kin noch better, noch strakker, sa sei de perfeksjonist. Mar so what, foar hjoed wie it genôch! Sa einigen de Olympyske spelen foar my en Dirk mei in grut hichtepunt. Epke Zonderland in gouden útsetter!

Jan Vincent van Zuiden (Twitter: @JVvanZuiden)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)