Beachfollyballers kânsleas

08 aug 2012 - 06:56

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor wiene tiisdeitejûn kânsleas yn de heale finale op de Olympyske Spelen. Se ferlearen yn twa sets (21-14 en 21-16) fan it Dútske duo Julius Brink en Jonas Reckermann.

Tongersdei spylje Schuil en Nummerdor om it tredde plak tsjin de Letten Martins Plavins en Janis Smedins. Dy wiene yn de groepsfaze noch te sterk foar de Nederlanners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)