'Goud is foar frijwilligers'

07 aug 2012 - 21:52

It goud fan turner Epke Zonderland is it bewiis dat de turnhal by Sportstêd Hearrenfean it turnbolwurk fan Nederlân is. Dat seit turntrainer Tjalling van den Berg nei it goud fan Epke Zonderland op de rekstôk op de Olympyske Spelen.

It goud is neffens Van den Berg in beleanning foar al dy frijwilligers dy't 30 jier lang harren bêst dien ha. Earst yn de lytse gymseal en letter yn de turnhallen by it Abe Lenstra stadion. Fierder priizge de turntrainer de mentale hurdheid en it selsbetrouwen fan Zonderland op it stuit dat it der om gie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)