Epke wint gouden medalje

07 aug 2012 - 17:14
  • Epke Zonderland
  • Epke yn aksje
  • Epke mei coach Daniel Knibbeler
  • Goud!!

Epke Zonderland hat goud wûn op de Olympyske Spelen nei in fantastyske oefening oan it rek. Mei in skoare fan 16.533 bleaun er al syn konkurrinten de baas. De finale wie fan in hiel heech nivo mei fjouwer fan de dielnimmers mei mear as 16 punten. Epke turne syn unike trijelûk: de Cassina-Kovacs-Kolman kombinaasje.

Twadde wie de Dútser Fabian Hambüchen mei 16.400. Tredde waard de wrâldkampioen en Olympysk rekkampioen fan 2008 Zou Kai út Sina mei 16.366.

Epke Zonderland kaam fan de acht finalisten as sechsde yn aksje. Fan syn konkurrinten dy't foar him turnen hat er neat sjoen. Hy wie allinne mar dwaande mei de konsintraasje foar syn eigen oefening. De risiko's yn syn optreden wiene grut, mar alles foel op dizze sânde augustus te plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)