Skûtsje Snits wint alwer

07 aug 2012 - 16:18

Snits hat tiisdei foar de fjirde kear op rige it SKS-skûtsjesilen wûn op de Fluezen by Ealahuzen. Twadde waard Grou en it skûtsje fan It Hearrenfean waard tredde.
Snits nimt troch de winst fan hjoed in foarsprong as nummer ien yn it klassemint.

Ljouwert lei yn de earste rûnde noch op kop, mar waard yn de twadde rûnde ynhelle troch it skûtsje fan Snits dat it plak net mear út hannen joech. Ljouwert waard úteinlik fiifde.

Der stie in hurde wyn fan wynkrêft fiif mei pûsters fan 6. It wie in moaie striid tusken de skippers dy’t mei grutte ôfstannen fan elkoar oer de finish kamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)