Warten bliid mei sulver Marit

07 aug 2012 - 13:12

Ynwenners fan Warten binne tige bliid mei de prestaasjes fan doarpsgenoate Marit Bouwmeester by de Olympiade yn Londen. De 24-jierrige sylster helle moandei in sulveren medalje yn de Laser Radial-klasse.

Nei de wedstriid hongen de Wartensters de flagge út. Op de tsjerketoer wie in flagge ophongen mei in sulveren wimpel deroan. As Marit werom is, komt der in feest foar har yn it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)