Gouden sieraden stellen

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
By in ynbraak yn in hûs oan de Pegasus yn De Lemmer binne moandeitejûn gouden sieraden stellen. De ynbrekkers kamen deryn troch in rút te fernielen. Se hawwe it hiele hûs trochsocht.
In bewenner fan De Fennen yn Ljouwert trapearre fannacht twa ynbrekkers. De man hearde lûd op strjitte en seach in ûnbekende man op it balkon fan de buorlju. In twadde man stie op strjitte. De manlju naaiden út. Ut ûndersyk troch de plysje die bliken dat der ynbrutsen is. It is noch net bekend wat der stellen is.