Fertocht fan drugshannel

© ANP XTRA
De plysje fertinkt in 35-jierrige ynwenner fan Snits fan de hannel yn drugs. De man waard oanhâlden op grûn fan kamerabylden. Dêrop like it dat er drugs ferkocht.
By syn oanhâlding hie er in wikkel mei nei alle gedachten speed by him. In 23-jierrige frou út Snits, dy't by de man wie, bemuoide har mei de oanhâlding. Om dy reden is sy ek meinaam nei it buro. Nei ferhear binne se wer frijlitten.