Gearwurking rjochtbank en RUG

05 des 2011 - 22:20

De rjochtbanken, it Iepenbier Ministearje en de universiteit fan Grins sille folle mear gearwurkje. Dat hawwe se moandei befêstige mei de ûndertekening fan in konvenant.

Oant no ta waard hjir en dêr ek wol gearwurke, mar alle partijen fûnen it tiid om dy gearwurking mear foarm te jaan en de ôfspraken fêst te lizzen. Sa kinne bygelyks yn de takomst professoaren en dosinten ynsetten wurde as plakferfangend rjochter. Yn it Noarden spylje hieltyd faker yngewikkelde rjochtsaken en de kennis dy't by de universiteit oanwêzich is, kin de rjochtbank hiel goed brûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)