Jong Hearrenfean pakt punt

05 des 2011 - 21:34

Jong Hearrenfean/Emmen hat moandeitejûn de útwedstriid tsjin Jong FC Utrecht mei 1-1 lyk spile. Yn in earmoedige earste helte kaam de thúsploech nei sân minuten al op foarsprong troch Adam Sarota. De ploech fan trainer Jan de Jonge spile in folle bettere twadde helte, mar allinne Samir Fazli koe ien fan de mannige kânsen fersulverje.

Jong Hearrenfean/Emmen stiet op it njoggende plak mei 17 punten út 11 wedstriden. Tongersdeitejûn komt de ploech wer yn aksje. Dan wurdt de 'mistwedstriid' yn Alkmaar tsjin AZ ynhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)