Himpkwekerij Drachten oprôle

05 des 2011 - 19:53
  • Himp

De plysje hat moandei yn Drachten oan de Hooizolder in himpkwekerij oprôle. De plysje waard tipt troch omwenners dat it om it hús hiel sterk nei himp rûkte. Doe't de plysje by it hús oankaam, seagen se twa manlju fuortdraven. De wyk waard ôfsetten en de twa fertochten koene letter oanhâlden wurde.

Der waarden 47 planten fûn. Dy binne yn beslach naam en ferneatige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)