Grinslanner rydt fierste hurd

© ANP XTRA
Op de Kwelderwei by Kollumerpomp is sneintemiddei troch de plysje in man oanhâlden dy't hast 70 kilometer te hurd ried. Op de Kwelderwei mei op syn hurdst 80 riden wurde. De man út Uthuzermeden yn Grinslân ried mar leafst 147 kilometer yn de oere.
De Grinslanner hurdrider waard oan de kant set en moast syn riidbewiis ynleverje. Hy kin ek noch in hege boete ferwachtsje.