Goud manlju by achterfolging

04 des 2011 - 18:04

De manljusreedriders hawwe sneintemiddei goud helle op de ploege-achterfolging by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. De ploech mei Sven Kramer, Wouter Olde Heuvel en Jan Blokhuijsen ried yn in fernimstige race nei in tiid fan 3.42.34.

Tsjinslach wie der by de froulju. Marrit Leenstra gie ûnderút, en sa koe de ploech mei Linda de Vries en Ireen Wüst gjin eintiid op 'e klok sette. Cindy Klassen, Christine Nesbitt en Brittany Schussler wûnen foar Kanada yn in baanrekôr fan 3.00.01.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)