Snits Wyt Swart wint alwer

© Omrop Fryslân
Haadklasser Snits Wyt Swart hat sneintemiddei de thúswedstriid tsjin Hoogeveen mei 4-1 wûn. Dy útslach past de Snitsers wol, want it is al de tredde kear op rige dat se mei dy sifers winne.
Snits kaam yn de earste helte op foarsprong troch in penalty fan Kevin Huitema. Fjouwer minuten letter foel de tsjingoal. Yn de sechstichste minút koe Freerk de Jong nei in moaie pass fan Ramon Giro Batalla de 2-1 binnenstjitte. Dyselde Giro Batalla makke yn de 82e minút de 3-1. Cees Smaal sette flak foar tiid de einstân op it boerd.