Tredde gaswinput by Moddergat

© Omrop Fryslân
By Moddergat komt takom jier in tredde gaswinput. De Nederlandse Aardolie Maatschappij sil it rjocht nei ûnderen ta boarje nei it djipte fan 4 kilometer. Dêrtroch kin mear gas út it gasfjild ûnder de Waadsee weihelle wurde.
De fergunning foar de nije boarring is klear. De ôfrûne tiid de fundearring foar de boartoer ek klearmakke. Wannear't de boarring út ein set en hoefolle gas oft troch de nije boarput út it gasfjild weihelle wurdt, is noch ûndúdlik. De boartoer wurdt yn trije moanne opboud. Yn dy tiid moat de omjouwing fan it gaswinplak rekken hâlde mei ferkears-, lûds- en ljochtoerlêst.