Ferrassende winner Maratoncup

04 des 2011 - 15:43

Foar it earst dit seizoen wie it poadium sneon by de KPN Maraton Cup yn Assen net yn de fertroude BAM-kleuren. Frank Vreugdenhil út Eldersloo kaam ferrassend as de nûmer ien oer de streek. Hy wie de rapste fan in acht man sterke kopgroep en helle dêrmei de earste oerwinning yn syn maratonkarriêre. Joost Juffermans waard twadde, Ralf Zwitser tredde.

Fan de sterke BAM-ploech die allinne Willem Hut mei, hy waard fjirde. Hut syn ploechmaten wiene al ûnderweis nei in trainngskamp op Tenerife neidat se earst op it iis fan Thialf de 10 kilometer riden hiene by de wrâldbekerwedstriden. Dêr wie wol in moai BAM-poadium útkommen: 1. Jorrit Bergsma, 2. Bob de Jong en 3. Bob de Vries. Ek Arjan Stroetinga, dy't al fjouwer kear op rige wûn, wie mei de ploech op reis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)