1,2,3,4: Oranje oan de top

09 feb 2003 - 00:00

De earste fjouwer plakken by de manlju wurde troch Nederlanners beset. Gianni Romme is snein foar de twadde kear yn syn karriêre wrâldkampioen wurden by it allroud reedriden yn Sweden. De Brabanner wûn 'mei twa fingers yn de noas' de ôfslutende tsien kilometer yn in tiid fan 14:05:04.

Rintje Ritsma, dy't twad wie op de 10 kilometer, krijt sulver yn Göteborg en Ids Postma wint brûns. Mark Tuitert is fjirde wurden yn it einklassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)