Hertekamp Surhuzum útwreide

04 des 2011 - 10:53

Surhuzum nimt woansdei it fernijde hertekamp yn it doarp yn gebrûk. It hertekamp is flink útwreide, sadat de herten mear romte hawwe. Dêrtroch hoege se ek minder byfuorre te wurden.

By it hertekamp is ek in tal boarterstastellen pleatst. Dy ferfange de eardere boarterstún, dy't fanwege oerlêst foar de buert fuorthelle is. De útwreiding fan it hertekamp is in inisjatyf fan pleatslik belang, de behearder en de gemeente. By de iepening wurdt ek de nije namme bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)