Amtners wikselje fan wurkplak

Fjouwer gemeenten yn Fryslân wikselje as proef it kommend jier personiel út. Doel is dat amtners sa ûnderfining op oare plakken op dogge en yn gefal fan sykte elkoar ferfange kinne. Ek moat it wurkjen by gemeenten sa oantreklik bliuwe.
De proef hat de namme WisselUit krigen en wurdt útfierd yn de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Kollumerlân en Tytsjerksteradiel. Oer in jier wurdt besjoen oft de proef neifolging fertsjinnet yn de hiele provinsje.