Bergsma fenomenaal op 10 km

03 des 2011 - 17:51
  •  Reedrydcoach Jillert Anema

Reedrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat sneontemiddei de earste wrâldbekerwedstriid fan dit seizoen op de 10 kilometer wûn. Op it iis fan Thialf op It Hearrenfean ried er tsjin Sven Kramer.

Nei twa kear in fiif kilometer by wrâldbekerwedstriden, stie sneon foar it earst de 10 kilometer op it programma. Bergsma ried nei fiif kilometer by Kramer wei en sette úteinlik in tiid del fan 12.50.33. Dat wie de twadde tiid ea op Thialf riden. It baanrekôr fan Sven Kramer (12.49.88 fan 2007) gong der krekt net oan. Sven Kramer einige as njoggende yn in tiid fan 13.15.46. Twa BAM-ploechmaten fan Jorrit Bergsma waarden twadde en tredde. Bob de Jong ried 12.55.11 en Bob de Vries 13.03.41. Douwe de Vries waard kreas fiifde yn in nij persoanlik rekôr fan 13.08.32.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)