Avanti ferliest wichtich duel

ZVV-Avanti Stiens © Omrop Fryslân
De sealfuotballers fan Avanti út Stiens hawwe it wichtige degradaasjeduel tsjin Leekster Eagles út Grins freed mei 3-2 ferlern. Avanti kaam op foarsprong troch in doelpunt fan Wasim el Baroudi.
Nei de 1-1 fan de Eagles like it lang op in lykspul út te draaien. Mar yn in hektyske slotfaze foelen trije doelpunten yn koarte tiid. Uteinlik wiene it de Eagles dy't flak foar tiid de 3-2 yntikken en oan it langste ein lutsen.