Mei honkbalkneppel rút ynslein

03 des 2011 - 16:06
  • Snits

De plysje hat in 30-jierrige Snitser oppakt foar fernieling. De man sloech freedtenacht mei in honkbalkneppel de ruten fan de foardoar fan syn buorman yn. Dat die er omdat er lêst hie fan lûdsoerlêst.

Doe't de buorman by de foardoar kaam om te sjen, waard er bedrige troch de Snitser. De Snitser is letter troch de plysje meinaam nei it buro. Dêr wurdt de saak fierder ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)