Skerpere kontrôle feilinghûs

03 des 2011 - 15:10

Feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts sil noch skerper kontrolearje oft it ynbrochte wurk wol autentyk is. Fan 'e wike beskuldige Jacob Huisman it feilinghûs derfan dat se falsk wurk fan syn heit Jopie Huisman oanbiede.

Reputaasje is tige wichtich yn de feilingwrâld en dêrom docht Ald Fryslân der fan alles oan om foar te kommen dat se in ferfalsking oanbiede. Komme se der sels net út, dan hawwe se in netwurk fan eksperts fan bûten om yn te skeakeljen. Yntusken hawwe se de fertochte akwarel fan Jopie Huisman werom. Dy sil noch fierder ûndersocht wurde en der komt in rjochtsaak oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)