Net fitte Oenema alfde

03 des 2011 - 14:20

Thijsje Oenema hat op de twadde 500 meter by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean op 'e nij gjin medaille pakke kind. Oenema wie dit wykein net fit en waard mei in tiid fan 38.57 alfde. De Sinese Jing Yu wie lykas freed fierwei de rapste yn in tiid fan 37.67. Laurine van Riessen einige mei 38.20 op in ferrassend tredde plak, efter Jenny Wolf dy't ienhûndertste rapper wie.

Margot Boer waard yn in tiid fan 38.79 trettjinde, folge troch de nûmer fjirtjin Annette Gerritsen (38.85). Thijsje Oenema stiet yn it algemien klassemint no op in fjirde plak.

Trefwurden: 
Thijsje Oenema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)