Twadde rêder famke yn sleat

© Omrop Fryslân
By it rêden fan in 15-jierrich famke út Beetstersweach, dat fan 'e wike net goed waard en mei de fyts yn 'e sleat bedarre, wie ek in 32-jierrige ynwenner fan Beetstersweach belutsen. Dat hat de plysje bekend makke.
Earder waard tocht dat allinnich in 14-jierrige jonge it famke it libben rêden hie. Letter die bliken dat de 32-jierrige man it famke de holle boppe wetter hâlden hat doe't de jonge by in hûs helptsjinsten warskôge. Dêrnei hawwe se tegearre it famke út it wetter weihelle. Dat waard oerbrocht nei it universitêr sikehûs yn Grins. It famke wie ûnder oare ûnderkuolle. Nei alle gedachten hat se in epileptyske oanfal hân.