Assaidi net yn aksje tsjin AZ
Oanfaller Oussama Assaidi fan Sportklup Hearrenfean spilet snein net mei yn de wedstriid tsjin AZ. Assaidi trainde sneontemoarn al mei, mar hat dochs noch te folle lêst fan de rêch. Yn goed oerlis mei trener Ron Jans is besletten dat de oanfaller net yn aksje komt.