'Nij erfpachtplan willekar'

03 des 2011 - 12:20

De eilannen binne skeptysk oer it plan fan steatssekretaris Bleker dat in ein meitsje moat oan it konflikt oer de erfpacht. Eigners fan fakânsjehúskes kinne de grûn ûnder har wenning keapje fan Steatsboskbehear. Mar allinnich op Flylân sil Steatsbosk twahûndert stikken grûn ferkeapje. De boargemasters fan Flylân en Skylge fine dat dy kar op willekar basearre is.

Steatsboskbehear hat de erfpacht sa ferhege dat guon eigners 600 oant 800 persint mear betelje moatte. Yn it nije plan wurdt dy ferheging oer tsien jier útspraat. Mar by ferkeap giet de erfpachtferheging wol yn ien klap yn. De fakânsjehúzen bliuwe sa min ferkeapber, sa is de krityk op de eilannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)