NBK: noch gjin Fryske winners

03 des 2011 - 11:22

De earste dei fan de Nederlânske Brassbandkampioenskippen yn Grins hat noch gjin Fryske kampioenen opsmiten. Wol wûnen yn beide klassen dy't freed spilen Fryske brassbands de twadde priis.

Yn de tredde divyzje gie dy twadde priis nei Soli Deo Gloria út Blije, yn de fjirde divyzje nei Concordia fan Bûtenpost. De twa tredde prizen giene ek nei Fryske brassbands: Gloria Dei út Gerskeskleaster/Strobos yn de tredde divyzje en Soli Deo Gloria út De Tike yn de fjirde divyzje. Sneon wurde de dielnimmers yn de earste, twadde en kampioensdivyzje beoardiele. Harren optredens binne te folgjen fia omroplive.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)