Aksje foar soarch Sionsberg

It CDA wol dat minister Edith Schippers de soarch yn Noardeast-Fryslân garandearret, no't der reorganisearre wurdt by sikehûs de Sionsberg yn Dokkum. Twadde Keamerlid Sander de Rouwe ferget de minister derop dat der goede en berikbere soarch foarhannen bliuwt yn de regio.
De earstehelp en in pear spesjalismen ferdwine út it sikehûs. De CDA-ôfdieling Dongeradiel organisearret nije wike sneon in protestaksje tsjin de reorganisaasje en krijt stipe út de Twadde Keamer wei. De Rouwe wol dat de minister yngrypt om de soarch te behâlden.