Harkemase Boys hat nije trener

02 des 2011 - 21:43

Harkemase Boys hat in nije ynterim-trener. It is de 44-jierrige Robert Herder. Dy stapte in moanne lyn op by de topdivisionist yn it sealfuotbal Leekster Eagles, û.o. troch de finansjele problemen by de klup. Herder begjint moandei en bliuwt oant de ein fan it seizoen op 'e Harkema. Cambuurman Henk de Jong, dy't tydlik trener wie, giet per 31 desimber wer fuort. Robert Herder spile sels twa seizoenen by de Boys, fan 2005 oant en mei 2007. Dêrfoar spiler er jierrenlang by ONS yn Snits. Robert Herder hat ek ûnder kontrakt stien by SC Hearrenfean. Yn it seizoen 1991/1992 spile hy twa wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)