Sjoerd de Vries 8e op 1500

Sjoerd de Vries © awfoto.nl
Sjoerd de Vries is achtste wurden op de 1500 meter by de wrâldbeker yn Thialf. De 23-jierrige Twellingeaster ried 1.47.09. Yn Tsjeljabinsk wie De Vries tsiende, yn Astana alfde. De ôfstân waard wûn troch Europeesk- en wrâldkampioen Ivan Skobrev fan Ruslân yn 1.45.81. Kjeld Nuis waard twadde yn 1.45.99, de Noar Håvard Bøkko tredde yn 1.46.49. De 5000 meter by de froulju wie in proai foar Martina Sábliková yn 6.58.87, foar Claudia Pechstein yn 7.02.92.