Dronken mei maleur op A6

07 aug 2012 - 10:59
  • De A6

De plysje hat moandeitenacht it rydbewiis fan in 31-jierrige Jouster yn beslach naam.
De man stie mei maleur oan de kant fan 'e A6 by Eastersee. Mar hy stie mei de auto te ticht op de rydbaan. De man waard meinaam nei it plysjeburo en moast der blaze.
Ut de test die bliken dat er fierste folle drank op hie.

Syn auto is troch in bergingsbedriuw fuortsleept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)