Winst Schuil en Nummerdor

07 aug 2012 - 06:04
  • bliidskip by Richard Schuil en Reinder Nummerdor

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor sitte yn de heale finale fan de Olympyske Spelen. It duo wie moandeitejûn te sterk foar de Italianen Paolo Nicolai en Daniele Lupo. Schuil en Nummerdor wûnen yn twa sets. Se wisten in achterstân yn de twadde set om te bûgen yn winst.

Tiisdeitejûn spylje se tsjin in Dútsk duo. By de foarige Spelen yn Peking kamen se net fierder as de kwartfinale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)