Blog: Marit Bouwmeester docht it!

07 aug 2012 - 03:11

In dei nei it dochs wol dramatyske ferhaal fan Pieter-Jan Postma hiene wy ús hoop festige op Marit Bouwmeester. Soe sy dan histoarje skriuwe kinne en Fryslân de earste medalje bringe kinne op de Simmerspelen sûnt 1996? In spannende dei, mar earst moasten we de bylden fan Pieter-Jan Postma noch nei Ljouwert stjoere. Noch in kear syn ferhaal oanheare, noch in kear de pine fan in topsporter dy't ferlern hat fiele. As dit Marit mar net oerkomt, tochten we, want ek foar har hearde in fjirde plak noch ta de mooglikheden...

Om de spanning fan tichtby mei te meitsjen giene Dirk en ik op syk nei tickets om by de famylje Bouwmeester te stean mei de race. Dan koene we dêr wat bylden fan harren meitsje en ek fuortendaliks in reaksje freegje op wat der barde. Fia de famylje regelen we ien kaart, fan in oare Nederlanner kocht ik in twadde. Dy hie der ien oer en woe him wol graach slite. Stadichoan rûn de spanning op, mar ynienen ûntstie der wat ûnrêst. Minsken gongen stean en alle blikken waarden rjochte op ien persoan: Ben Ainslie. De fjouwerfâldich Olympysk kampioen en freon fan Marit woe by de famylje sitte. Ainslie is yn Ingelân echt in held en kin dus net gewoan oer strjitte. Under begelieding fan leafst fjouwer persoanlike bodyguards waard hy by heit en mem Bouwmeester brocht. In protte minsken woene in foto of hantekening fan him ha mar de liifwachten hâlden eltsenien op ôfstân. Wy sieten fansels al goed te plak en mochten sitten bliuwe.

Doe't de rêst wer wat weromkeard wie en eltsenien siet, koe de medaljerace begjinne. Fjouwer froulju moasten útmeitsje wa't mei de medaljes útnaaie soe. Ien fan harren soe dus letterlik bûten de boat falle en dat waard úteinlik de Ierse Murphy. Marit Bouwmeester begûn goed, mar de Sinese Xu noch better. Benammen oan de wyn hie Bouwmeester it dreech, mar foar de wyn makke se har achterstân hieltyd wer lytser. Se gie foar goud, mar de Sinese liet har net ferkatse: Bouwmeester einige as twadde, foar de Belgise Van Acker. Fantastyk fansels, mar is Bouwmeester in winner? Allinnich it goud telt. Dat wie dan ek har earste reaksje, mar úteinlik wie se dochs tefreden mei it sulver.

Hielendal doe't se jûns huldige waard op sleepboat 'De Holland' yn de haven fan Portland, tichtby Weymouth. Wat in geweldich feest mei al har freonen, famylje, supporters en sponsors. Wy stiene der mei de noas boppe-op en wiene tsjûge fan it barren. We krigen har ek noch foar in ynterview foar de kamera, foardat we wer yn de trein stappe moasten nei Londen. Dizze blog skriuw ik dan ek op it spoar. We ha de lêste trein rjochting Londen fanút Weymouth. Dy stiet stil op elts tuskenlizzend stasjon en dus komme we pas om 01.00 oere fannacht oan. Moarn is ús lêste wurkdei en dat kin in 'gouden' dei wurde. Epke Zonderland stiet yn de finale fan it rek by it turnjen. Wat soe it in fantastyske ôfsluter wêze as hy it goud meinimt! Mar dat is allegear foar moarn. Earst de eachjes mar even ticht, want der komt noch ien lange, mar hooplik moaie dei yn Londen oan. We binne der hast!

Jan Vincent van Zuiden (Twitter: @JVvanZuiden)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)