Auto fan de dyk by Reduzum

06 aug 2012 - 20:43

In 26-jierrige frou út Sibrandabuorren is moandeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Tsienzerbuorren by Reduzum. De frou siet yn de auto by har man, dy't fan de dyk rekke. De auto botste tsjin in beam. De frou moast troch de brânwacht út 'e auto weihelle wurde.

In jonkje fan twa jier dat by it stel yn de auto siet, kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)