Blazing mei jier troch

06 aug 2012 - 19:46

It muzykprojekt Blazing giet noch in jier troch. Blazing is in gearwurking tusken CMV Oranje Boalsert, Eensgezindheid Tsjerkwert, Excelsior Skraard en Fanfare Blauhûs. It ôfrune jier hawwe der 140 bern oan meidien. Se fersoargen ûnder oare in optreden foar Prins Willem Alexander en Prinses Máxima.

It doel is om bern yn groepsferbân muzyk spylje te litten. Ofrûne freed is bekend wurden dat Blazing subsydzje krijt fan it Oranje Fonds.

Trefwurden: 
bern muzyk Blazing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)