Bankspolder net ûnder wetter

06 aug 2012 - 19:11

It konflikt tusken boeren op Skiermûntseach en Natuurmonumenten is basearre op in misferstân. Twa boeren wiene lulk omdat Natuurmonumenten grûn fan de boeren brûke woe as natuerkompensaasje foar de nije koalesintrale yn de Eemshaven.

Op it kaartsje stie dat de Bankspolder ûnder wetter set wurde soe. De boeren wisten lykwols neat fan it plan. Neffens Otto Overdijk fan Natuurmonumenten is der sprake fan in misferstân. Hy hat ekskuses oanbean oan de boeren.

Natuurmonumenten is noch altiten fan doel om in stik dúngebiet te brûken as natoerkompensaasje foar de koalesintrale yn de Eemshaven. Bosk wurdt fuorthelle en der komt mear iepenheid om de blauwe hoanskrobber en de fjildûle romte te jaan om te brieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)