Iepen TBC by frou yn Ljouwert

02 des 2011 - 17:41

By in frou fan 24 út Ljouwert is in besmetlike foarm fan tuberkuloaze, TBC, konstatearre. De frou is yntusken ûnder behanneling. GGD Fryslân is mei in saneamd kontaktûndersyk begûn. Dêrby wurde minsken yn de omjouwing fan 'e frou op de sykte ûndersocht. Neffens longarts Kiers fan de GGD is dy groep ridlik beheind. TBC is in besmetlike foarm fan longûntstekking dy't ferspraat wurdt troch hoastjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)