Sietske H. wegeret ûndersyk

02 des 2011 - 16:19

Sietske H. wurket opnij net mei oan in ûndersyk nei har persoanlikheid. Dat seit har advokaat Barbera Klunder. Tongersdei bepaalde it gerjochtshôf yn Ljouwert dat Sietske H. (27) dochs noch in kear ûndersocht wurde moat. Oan de hân fan de útkomsten fan dat ûndersyk sil it hôf dan útspraak dwaan yn de saak. De frou út Nij Beets wurdt derfan fertocht dat se har fjouwer poppen om it libben brocht hat. Earder is se troch de rjochtbank feroardiele ta 12 jier sel. Yn heger berop is deselde straf easke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)