GHB-ferslaving nimt bot ta

02 des 2011 - 16:10
  • GHB

It tal GHB-ferslaafden dat har meldt by de ferslavingssoarch Noord-Nederland is yn 5 jier fertsienfâldige. Hieltyd mear minsken binne ferslaafd oan de partydrug, sa blykt út sifers fan de ferslavingssoarch. Se meitsje har dan ek bot soargen.

GHB stiet foar Gamma Hydroxy Butyraat. Alle wykeinen wurde der sa'n tsien minsken by de Fryske sikehuzen binnenbrocht dy't troch GHB folslein fan de wrâld binne. Der is maklik oan de drug te kommen en relatyf goedkeap. Je kinne it ek sels meitsje. Ek by ferslavingssoarch Noord-Nederland yn Ljouwert fernimme se in dúdlike taname. Yn 2007 kamen der 15 minsken foar in behanneling. Yn de earste helte fan dit jier wiene dat der al 90. De gemiddelde leeftyd is 27 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)